OMROP FRYSLÂN RADIO: NIJSFOARUM

Omrop Fryslân Radio - Nijsfoarum Buro De Vries (11 oktober 2020): It nijsfoarum praat oer wat ús de ôfrûne wike dwaande hold. Alle wiken nimme oare minsken in sit yn it foarum. Dizze kear binne dat Aukje de Vries (VVD-Twadde Keamerlid), Annemarie van Elsacker (direkteur fan Izore) en Berber Pieksma (húsdokter yn Haulerwyk en ûndertekenaar fan de brandbrief). Yn dit foarum giet it foar in grut part oer corona en de ympakt op ús allegear. Hoe stean we der foar, wat binne wol en wat binne net goeie maatregels. It is natuurlik in hiel breed palet dêr’t dit oer giet. Fansels giet it oer de brandbrief fan de artsen, mar ek oer de mûlkapkes en oare maatregels. Wat is de bêste manier om de coronakrisis oan te pakken? Op sawol medysk as ekonomysk flak.

 Omrop Fryslân Radio >>>